Lúkseprobleem Henk de Jong

Henk de Jong © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
Trainer Henk de Jong kin yn de noardlike twastriid tsjin FC Grins beskikke oer in sa goed as folslein fitte seleksje. Oanfallers Daniël de Ridder en Furdjel Narsingh binne beide hersteld fan harren blessueres en opnaam yn de wedstriidseleksje. Mei de komst fan de lêste oanwinst, Damiano Schet, sit Cambuur rom yn de oanfallers. Allinnich Wout Droste en oanfaller Bob Schepers (knibbel) binne blessearre.
De Poalske oanwinst Sebastian Steblecki hat noch gjin tastimming om te spyljen. Hy wachtet op grien ljocht fan it Poalske fuotbalbûn.