Bou maritime kampus fertrage

De gemeente Skylge is ûngelokkich mei de fertraging fan de bou fan de nije kampus fan seefeartskoalle Maritiem Instituut. De ûntwikkeling fan sechstjin sosjale hier- en keaphuzen stiet dêrtroch ek faai.
De fertraging is ûntstien omdat wenningkoöperaasje De Veste, dy't de bou útfiere sil, foar de finansiering noch gjin garânsje hat fan it Waarborgfonds. Sûnder dy garânsjes doar De Veste de bou net oan.
Neffens wethâlder Teun de Jong kin Skylge de fertraging net brûke. Der is al in soad enerzjy en jild yn it projekt stutsen en de seefeartskoalle is heechnedich oan nije húsfesting ta.