Reedrider Meijering stoarn

De Alvestêdetocht fan 1963 © ANP
Ald-reedrider Ludwig Meijering is ferstoarn. Meijering waard berne yn Arnhem. Hy wie ien fan de 127 reedriders dy't de barre Alvestêdetocht fan 1963 útried. Yn datselde jier waard er ek nasjonaal rekôrhâlder op de 1000 meter langebaanreedriden. Yn 1979 wûn Meijering de natueriisklassiker De 100 fan Earnewâld. Hy hat boppedat fjirtich kear de Alvestêdetocht fytst.
Meijering is 78 jier âld wurden. Hy wie al langere tiid siik.