Drugsoanhâlding It Hearrenfean

Drugs © Omrop Fryslân
Twa jongemannen fan 19 jier út It Hearrenfean en Ljouwert binne tongersdeitemiddei oanhâlden om't se amfetamine en in ferbean balsjespistoal yn de auto hiene. De plysje kontrolearre ferskate auto's mei jongerein op in parkearterrein oan de Heidemar op It Hearrenfean. Yn ien fan de auto's sieten de beide 19-jierrigen himp te smoken. Yn de auto lei ek it pistoal en in doasis amfetamine. It guod is yn beslach naam.
Ut ûndersyk die bliken dat it pistoal fan de Feanster wie. Der is proses-ferbaal tsjin beiden opmakke.