Himpkwekerij Ljouwert oprôle
By it ûntromjen fan in hûs oan de Boomgaardstrjitte yn Ljouwert hat de plysje tongersdei in himpkwekerij ûntdutsen. Yn ien fan de keamers stiene 160 planten. De stroom waard yllegaal ôftape.
De kwekerij is opromme. De plysje sil ûndersykje wa't de eigner fan de kwekerij is.