Problemen Gysbert Japicx

De Gysbert Japicx-stifting sit yn grutte finansjele problemen. Dit jier wurdt mei in ferlies draait fan goed 11.000 euro. De stifting hâldt him benammen dwaande mei it behâld fan it Gysbert Japicxhûs en literêre aktiviteiten.
Troch besunigings fan de gemeente Súdwest-Fryslân driget it ferlies op te rinnen ta 17.000 euro. Dat jild moat de stifting út de reserve helje, mar it karbrief stiet dat net ta. Dit jier komt it noch wol goed, mar as der noch sa'n jier komt dan driget de stifting te ferdwinen.
De gemeente Súdwest-Fryslân seit yn in reaksje mei it bestjoer fan de Stifting Gysbert Japicx om tafel te gean om te sykjen nei in oplossing.