Gjin gebed mear by ried

De riedsfergaderingen fan de gemeente Kollumerlân begjinne tenei net mear mei gebed. Tongersdeitejûn hat de mearderheid fan de ried it ambtsgebed ôfskaft. Dat wie op foarstel fan it kolleezje dat sa'n gebed net mear fan dizze tiid fynt.
Margreet van der Molen fan de ChristenUnie sprekt fan in fertrietlik beslút, om't no in ein kaam is oan in lange tradysje. It CDA fynt it ek spitich dat in riedsfergadering net mear mei bidden begjint.