Nachtbus Grins-Drachten fuort

Utgean © Omrop Fryslân
De nachtbus fan sneontejûn tusken Grins en Drachten sil tenei net mear ride. De stappersbus hat te min passazjiers om rendabel te wêzen. Gemiddeld sieten der 43 minsken per nacht yn de bus, 103 wiene nedich om de bus kostendekkend te meitsjen.
It OV-buro hat de gemeente Smellingerlân noch frege om it finansjele gat te tichtsjen, mar dat hat de gemeente wegere. Wol wurdt der noch sjoen oft de provinsje of in partikuliere partij miskyn in oplossing biede kin.