Bysûndere sinnewizer werom

Easterwâlde hat syn âlde sinnewizer werom. De wizer op de doarpstsjerke hie bot te lijen fan achterstallich ûnderhâld. En dêr moast wat oan dien wurde, sa fûn de Stichting Behâld Tsjerklike Gebouwen yn Fryslân. De sinnewizer út de 18e ieu is bysûndere omdat dy fan hout is en dat komt net sa faak foar. Benammen om't it ûnderhâld in protte jild en tiid kostet. De wizer is tongersdei wer op de tsjerke set.