Hamburger iens mei NOC/NSF

11 sep 2014 - 16:34

Roeier Sjoerd Hamburger út Aldeberkeap fynt it goed dat sportbûn NOC*NSF it kwalifikaasjesysteem foar de Olympyske Spelen feroare hat. De kwalifikaasje-easken binne dúdliker wurden. Under oaren it foarmbehâld en de nominaasjes fan de sportkoepel binne ôfskaft. De earste kwalifikaasjewedstriiden foar de Olympyske Spelen yn Rio de Janeiro binne foar de roeiers yn de simmer fan 2015.

Oft Hamburger dêr oan meidocht, is noch net wis. Hy die wol mei oan de Olympyske Spelen fan 2008 en 2012.

Hamburger hat it beslút oer syn takomst al makke, mar wol dat noch net nei bûten bringe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)