Manifestaasje foar Swarte Pyt

11 sep 2014 - 16:34

In groep froulju út de omkriten fan Dokkum wol op sneon 8 novimber in manifestaasje yn de stêd hâlde. Sa wolle se sjen litte dat se efter de tradysje fan Swarte Pyt steane. Fia sosjale media lykas facebook sykje se no 100 minsken dy't ferklaaid as Swarte Pyt meirinne wolle.

De gemeente Dongeradiel is yntusken op de hichte brocht fan de aksje. Fia de facebook-side: 'Zwarte Piet Gezocht' wurde minsken oproppen lef te toanen.

'Lit it gewoan bliuwe sa st it is. De joadekoeken, negerzoenen en de Swarte Piten, wat makket it út. Eltsenien frij litte en yn har wearde litte dat is it belangrykste', seit ien fan de inisjatyfnimmers Nelly Kooistra fan Ternaard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)