Unrêst by 'Hoofdstad vd Smaak'

It rommelet binnen de organisaasje fan it projekt Leeuwarden Hoofdstad van de Smaak 2015. Takom jier wurde hûnderten projekten organisearre wêryn Fryske smaken, iten en drinken, sintraal stean.
Twa fan de inisjatyfnimmers dy't ek it bidboek foar it evenemint skreaun hawwe, hawwe har no weromlutsen út de organisaasje. It giet om Tjerk Visser en Marlise Vroom. Se binne benaud dat de projekten net útfierd wurde kinne om't der net genôch jild binnen helle is.
Ek binne der ferskillen fan ynsicht. De opdrachtjouwer fan it projekt is net bliid mei de situaasje. Neffens René de Bruin fan 'Week van de Smaak', sil der in stjoergroep komme moatte dy't mei de gemeente Ljouwert nei de problemen sjocht.
De gemeente Ljouwert hat it folste fertrouwen yn it bestjoer fan Leeuwarden Hoofdstad van de Smaak 2015.