Plysje pakt fytsedief Wolvegea
Op de Stasjonswei yn Wolvegea is woansdeitemiddei in fytsedief oanhâlden. In 27-jierrige man út Drachten naam in fyts mei yn it sintrum fan it doarp. In tal minsken wie hjir tsjûge fan. Se hiene in goeie beskriuwing fan de man fia it alarmnûmmer 112 trochjûn oan de plysje. Dy koe de man al gau oanhâlde.
De fyts is yn beslach naam. Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke.