Boete foar misledigjen plysje

11 sep 2014 - 10:36

In 45-jierrige ynwenster fan Ljouwert is woansdeitejûn oanhâlden omdat se plysjes misledige.

De frou dronk bier op de iepenbiere dyk. Se waard dêr troch de plysje op oansprutsen. Doe't se wegere om it bier fuort te dwaan, waard proses-ferbaal tsjin har opmakke. Dernei misledige se de plysjes. Se is oanhâlden en nei it plysjeburo brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)