Kultuer foar bern NE-Fryslân

11 sep 2014 - 07:43

Noardeast-Fryslân wol dat dat de jongerein har mear kultureel ûntwikkelet. Mear as 400 skoalbern komme dêrfoar tongersdei yn Dokkum yn de kunde mei ferskate fasetten fan de kultuer. Under begelieding fan 20 profesjonele keunstners en muzikanten, leare de bern in ferhaal of gedicht te skriuwen, wurkje se oan in grut byldhouwurk en meitsje se muzyk op hûndert ôffalkontainers. Doel is dat dizze dei net allinnich in oanset is ta mear kreativiteit op skoalle, mar de bern ek bûten skoaltiid oanset ta mear artistike prestaasjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)