Krityk op Psy-Fi Festival

11 sep 2014 - 06:47

De fraksjes fan CDA en VVD yn Tytsjerksteradiel hawwe grutte krityk op it Psy-Fi Festival dat yn de Griene Stjer by Ljouwert hâlden is. Neffens de fraksjes hat it dance-festival dat fiif dagen duorre, foar in soad oerlêst soarge by omwenjenden. Boppedat soe de natuer in soad te lijen hân hawwe fan it evenemint.

De fraksjes fine derneist dat de opset fan it feest net past mei it werombringen fan it gebrûk fan alkohol en drugs. De gemeenteried praat tongersdeitejûn oer it festival.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)