Feenstra boppe-oan list SP

De 43-jierrige Fenna Feenstra út Snits is troch de kandidatekommisje fan de Sosjalistyske Partij foardroegen as listlûker foar de provinsjale steate-ferkiezings takom jier. Feenstra sit sûnt 2012 yn de steaten en is wurdfierder op it mêd fan ferkear en ferfier, natoer en miljeu en romtlike oardening. Ek is Feenstra fanút Fryslân fertsjintwurdiger yn it partijbestjoer fan de SP en wie se earder dit jier kandidaat foar it Europeesk parlemint.
Nûmer 2 op de list stiet Jacob van der Hoek út Bakkefean en tredde is Renny van der Heide út Ljussens. De SP-leden mei harren noch útsprekke oer de list en it ferkiezingsprogramma. Dy wurde op 25 oktober fêststeld.