Takomst swimbad Gordyk ûnwis

It is noch mar ôfwachtsjen oft it bûtenswimbad op De Gordyk ek takom jier iepen is. Se draaie mei in tekoart. Dêrom moat it swimbad takom jier troch frijwilligers draaid wurde. Om te sjen oft dat helber is, is der yn de ôfrûne moannen in enkête hâlden. Dêryn lieten sa'n 80 minsken witte dat se wol helpe wolle om it swimbad iepen te hâlden.
Der wurdt no in bestjoer oprjochte om de mooglikheden te besjen om it swimbad yn 2015 dochs iepen te hâlden.