Museum yn noed oer sluting DE

10 sep 2014 - 17:13
  • Museum Joure moat besunigje

Museum Joure is benaud in soad besikers kwyt te reitsjen no't de DE-winkel ticht giet. De direksje fan it bedriuw makke woansdei de sluting fan alle geskinkewinkels bekend. De DE-winkel yn de Midstrjitte is al tsientallen jierren in grutte lûker foar it doarp. Ut it hiele lan komme minsken nei De Jouwer en nei in besite oan de winkel, geane se ek faak noch nei it museum ta.

Der wiene plannen om de winkel ûnder te bringen yn it museum, mar dat giet no net troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)