Boustop ek gefolch foar Meldij

10 sep 2014 - 16:11

De boustop fan skouboarch De Lawei yn Drachten hat ek direkte gefolgen foar de nijbou fan it nije keunstesintrum De Meldij. Beide projekten waarden útfierd troch boubedriuw Van Norel, mar lizze no stil om't de bouwer him net oan makke ôfspraken hâlde.

No wurde de kursussen fan De Meldij yn in tydlike húsfesting hâlden, mar it doel wie om yn oktober nei de nije Meldij oer te gean. Om't de bouwurksumheden noch net klear binne, moatte der benammen foar de byldzjende keunsten wer ferfangende romten socht wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)