Oefening Island Hopper slagge

De dielnimmers oan de oefening 'Island Hopper' op Skylge binne tefreden. Foar it earst wie der in mienskiplike oefening fan de Feilichheidsregio, definsje en Steatsboskbehear, mei it doel om in natoerbrân yn de dunen te blussen. Ek twa blushelikopters fan de fleanbasis Gilze Rijen binne ynset. Wichtich ûnderdiel by sa'n gearwurking is de ûnderlinge kommunikaasje, benammen tusken de piloaten en de minsken op de grûn.
De brânblussers op de grûn moasten gebrûk meitsje fan wetter fan it eilân, dat mei jarretanks nei de blusweinen riden wurde moast. De helikopters skepten it wetter út see.