Dei fan de Garnaal giet oer

10 sep 2014 - 15:51

De Dei fan de Garnaal fan sneon giet net troch nei oanlieding fan de grutte brân woansdei by Sterkenburg Vis en Garnalen yn de haven fan Lauwerseach. De dei wurdt tradysjegetrou hâlden as de start fan it nije garnaleseizoen. It evenemint lûkt alle jierren sa'n 30.000 besikers. Yn de hiele haven binne dan tal fan aktiviteiten.

Nei oerlis mei de ûndernimmers yn Lauwerseach wie gau dúdlik dat de dei net troch giet. Ek is kâns dat it útbaarnde gebou fan Sterkenburg foar gefaar soargje kin foar de besikers. De dei wurdt 2 maaie 2015 hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)