Kleuterkweek yn nij jaske

10 sep 2014 - 15:41

Stenden yn Grins komt mei in nije HBO-oplieding foar learkrêften dy't har spesjalisearje wolle yn lesjaan oan beukers. Dêrmei komt de âlde kleuterkweek werom, mar dan yn in nij jaske. Mei it opgean fan de eardere kleuterkweek yn de Pabo is neffens leararen in soad kennis ferlern gien. Op de oplieding leare de takomstige masters en juffen fan groep 1 en 2 ek hoe't se minder druk op de bern lizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)