Prate oer kearnôffalopslach

Kearnôffal © ANP
Yn Amsterdam is woansdei in byienkomst oer de beslútfoarming oangeande de opslach fan kearnôffal. Stichting Laka, dy't tsjin kearnenerzjy is, wol dat sa'n byienkomst yn it Noarden hâlden wurdt om't krekt it Noarden prominint op de list stiet foar de opslach. It soe neffens Laka gean om de sâltkoepels yn Ternaard en it Grinslanner Pieterburen en Onstwedde. Dat wurdt net lûdop sein om ûnrêst foar te kommen.
Op de byienkomst komme gjin fertsjintwurdigers út it Noarden.
Neffens de Centrale Organisatie Voor Radioactief Afval is der neat oan de hân om't noch lang net dúdlik is wêr't kearnôffal opslein wurde kin. Ek in beslút dêroer is oant fier yn de 22ste ieu net nedich. De Europeeske Uny freget no al mei in plan te kommen en dêrom wurde ynspraakmominten organisearre.