Oanlis nije dyk Balk begûn

In nije ferbiningsdyk tusken de N359 en de Jachtlustweg moat der foar soargje dat der tenei minder slûpferkear troch Balk en Wikel rydt. Mei de ûntbleating fan it bouboerd is woansdei in symboalyske start makke mei it projekt. De nije dyk is mar in pear kilometer lang en moat begjin takom jier al brûkt wurde. Dat moat de druk yn it sintrum fan Balk ôfnimme litte.
Pleatslik Belang is der wiis mei dat de dyk no einliks komt. Se hawwe der al mei al 22 jier oer praat. De nije dyk kostet goed 2,4 miljoen euro.