Fier: lanlik ekspertizesintrum

10 sep 2014 - 11:35

Fier Fryslân is oanwiisd as lanlik ekspertizesintrum. De soarchorganisaasje jout help oan ûnder oare slachtoffers fan loverboys en minskehannel. Troch ekspertizesintrum te wêzen kinne plysje, justysje en dokters fan 1 jannewaris ôf kliïnten fuortendaliks trochferwize nei Fier. Drege yndikaasjeprosedueres binne dan net mear nedich. Dit is ûnderdiel fan it nije belied dat gemeenten takom jier ferantwurdlik binne foar de jeugdsoarch. Foar alle gemeenten binne foar in tal funksjes lanlike ôfspraken makke.

Fier Fryslân ferwachtet net dat se fuort mear kliïnten krije sille, earst sille se har mear bekend meitsje moatte by de ynstânsjes dy't trochferwize moatte, lykas it Iepenbier Ministearje, de plysje en dokters.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)