De Harmonie helpt De Lawei

10 sep 2014 - 11:13
  • Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert

Direkteur Arthur Oostvogel fan De Harmonie yn Ljouwert sil De Lawei yn Drachten helpe wêr't dat mooglik is. Hy hat alle meiwurkers fan de Drachtster skouboarch in mail stjoerd om se in hert ûnder de riem te stekken. De Lawei hat tiisdei it kontrakt opsein mei de oannimmer dy't it teater ferbout. Dat bestjut in fertraging fan in tal moannen.

Nei alle gedachten sille sa'n 100 foarstellings net trochgean kinne yn De Lawei. Der sil socht wurde nei alternative lokaasjes lykas De Harmonie en de Oosterpoort yn Grins.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)