Grutte brân yn Lauwerseach

10 sep 2014 - 10:43
  • Brân Lauwerseach
  • Brân Lauwerseach
  • Brân Lauwerseach
  • Brân Lauwerseach

By Sterkenburg Vis en Garnalen oan de haven yn Lauwerseach is woansdeitemoarn in grutte brân útbrutsen. It giet om in restaurant mei ferskate ferdjippings. Neffens de brânwacht is elkenien op 'e tiid út it restaurant kaam. Ferskate brânwachtkorpsen út Fryslân en Grinslân binne oan it blussen.

Fanwege de grutte reekwolken moatte omwenners de ruten en doarren ticht hâlde. De oarsaak fan de brân is noch net bekend. De fearboat fan en nei Skiermûntseach fart wol gewoan. It advys is om fia Fryslân nei de haven te gean.

De dyk út Grins nei Lauwerseach is op sa'n 10 kilometer ôfstân fan it doarp ôfsletten. De brânwacht ropt minsken op, dy't foto's fan de reek hawwe, om dy op Twitter te setten mei it plak dêrby. Sa kin de brânwacht de fersprieding fan de reek yn de gaten hâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)