Man fernielt guod yn hûs

Plysje arrestaasje/oanhâlding © ANP XTRA
De plysje hat tiisdeitejûn yn De Westereen in man oanhâlden om't er guod yn in hûs oan de Lange Reed fernielde. Hy wie sûnder tastimming it hûs yngien. De bewenster belle fuort mei de plysje. Dy hâlde de 41-jierrige ynwenner fan Noardburgum oan. Hy wie dronken en fersette him by de oanhâlding. By de wrakseling rekke in plysjeman licht ferwûne. De fertochte is meinaam nei it buro.