Berntsje licht ferwûne op A7

In berntsje rekke allinnich mar licht ferwûne © Tino Broekstra
By in iensidich ûngelok op de A7 by Drachten is tiisdeitejûn in berntsje fan trije jier licht ferwûne rekke. It berntsje siet yn in stuoltsje op de achterbank fan in auto, dy't bestjoerd waard troch syn mem. Troch noch ûnbekende oarsaak rekke de auto fan de dyk en klapte mei it dak tsjin in beam. It dak fan de auto siet tsjin it stuoltsje en it gesicht fan it berntsje oan.
De helptsjinsten wiene bang foar it slimste, mar it foel ta. Foar de wissichheid binne it bern en de mem foar ûndersyk nei it sikehûs brocht.