Kuorbal: Oranje wint fan LDODK

09 sep 2014 - 23:05
  • Erwin Zwart

In pear hûndert kuorbalfans ha tiisdeitejûn yn de sporthal yn Aldeberkeap de oefenwedstryd besjoen fan it Nederlânsk kuorbalteam tsjin LDODK út De Gordyk/Terwispel. Oranje wûn de wedstryd mei 36-26. Opfallend wie spiler Erwin Zwart. Hy spilet gewoanwei by LDODK, mar sit ek yn it Nederlânsk team. Yn goed oerlis wie besletten dat hy tiisdei foar de Fryske ploech spylje soe.

Bûnscoach Wim Scholtmeijer wie tige te sprekken oer de wedstryd. Ek wie hy bliid ferrast troch it oantal taskôgers.

De wedstryd waard yn Aldeberkeap spile op fersyk fan de jubileumkommisje fan kuorbalferiening Lintjo út Aldeberkeap. De feriening bestie ferline jier 50 jier en woe nei de nije sporthal yn it doarp graach in topattraksje helje. It Nederlânsk kuorbalteam is dwaande mei de tarieding op it EK ein oktober yn Portugal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)