Noch gjin wetterskybaan Snits

Der komt foarearst noch gjin elektryske wetterskybaan yn rekreaasjegebiet De Potten by Snits. It kolleezje fan b. en w. fan Súdwest-Fryslân woe tiisdei fan de ried in advys oer de lokaasje, mar de ried jout dy noch net. De partijen fine it plan foar in wetterskybaan goed, mar se fine it plak by De Potten te gefaarlik foar swimmers en silers. Boppedat is it te tichtby it bleatstrân.
De ried wol dat der earst dat fragen beantwurde wurde en alternative lokaasjes ûndersocht. Allinnich CDA en Gemeentebelangen binne posityf oer plan en lokaasje.
Se fine it goed foar Snits en foar de jongeren dy't neffens har ta binne oan wat nijs op it wetter. It kolleezje hat it plan foarearst ynlutsen.