Teloarstelling oer nijs Lawei

Artysten dy't de kommende moannen in optreden pland hiene yn teater De Lawei yn Drachten binne skrokken fan it fuortstjoeren fan de oannimmer. Trochdat it kontrakt fan oannimmer Van Norel fuortemdaliks beëinige is, rint de ferbouwing flinke fertraging op. Fan 3 oktober ôf stiene der lykwols alwer nije foarstellings pland. Ek besikers reagearje teloarsteld op de fertraging. It personiel wol alle 18.000 minsken dy't in kaartsje kocht ha persoanlik benaderje. Wa't net fia de mail berikt wurde kin, krijt in brief.
Ek siket it personiel nei alternative plakken foar de foarstellings dit jier. Under de dupearren ek de artysten fan it Frysk Sjongersgala dat 29 novimber hâlden wurde soe. Trûbadoers Gurbe Douwstra en Piter Wilkens en sjongeressen Griet Wiersma en Anneke Douma hoopje dat der sa gau as mooglik in alternatyf plan betocht wurdt. Der wiene foar it gala al mear as 700 kaarten ferkocht.