Heechspanningsmêsten ophege

© Omrop Fryslân, Alle Faber
Tusken Burgum en Hurdegaryp wurde freed twa heechspanningsmêsten ophege. Dit is nedich yn ferbân mei de oanlis fan de Sintrale As. Om feilichheidsredenen wurdt de ôfstân tusken de elektrisiteitstriedden en de dyk grutter makke op de krusing mei de Sintrale As.
De mêsten steane oan beide kanten fan de nije dyk en wurde fiif meter omheech brocht. It wurk wurdt útfierd troch netbehearder TenneT.