Oanlis glêsfezel bûtengebiet

Goed 400 wenningen en bedriuwen yn it bûtengebiet fan Fryslân krije ynkoarten glêsfezel. Dit is mooglik troch in subsydzje fan de provinsje. De kosten foar de oanlis binne goed 2,5 miljoen euro. De provinsje betellet hjirfan de helte. It oare part wurdt opbrocht troch de minsken dy't gebrûk meitsje wolle fan de glêsfezel.
En hjir bliuwt it net by. Der binne nei alle gedachten mear as 30.000 wenningen yn it bûtengebiet der't gjin glêsfezel leit. 5500 minsken ha al oanjûn op glêsfezel te wollen.
Hjirfoar hat de provinsje 60 miljoen euro reservearre yn it saneamde Breedbânfûns. De útfiering fan dit projekt set yn 2015 útein.