NHL: ûndersyk sûnens studint

09 sep 2014 - 17:19

NHL Hegeskoalle en Feilichheidsregio Fryslân sille yntinsiver gearwurkje. De beide ynstellings sille ûndersyk dwaan binnen soarch, wolwêzen, bestjoer en feilichheid. Sa sil bygelyks ûndersyk dien wurde nei de sûnens fan hbo-studinten en nei krisissituaasjes yn de sûnenssoarch. It is net foar it earst dat de NHL en de Feilichheidsregio gearwurkje yn ûndersyksprojekten.

Earder is al ûndersyk dien nei de gefolgen op de sûnens by ynternetferslaving. De ferwachting is dat yn 2016 de earste resultaten fan de gearwurking bekend binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)