Sjuery Gysbert Japicx bekend

09 sep 2014 - 17:17

Yvonne Dijkstra, Kester Freriks, André Looijenga, Doeke Sijens en Marga Waanders foarmje de sjuery foar de Gysbert Japicxpriis foar Fryske Literatuer 2015. Se meie teset oer proaza út 2011 oant en mei 2014. De priis wurdt ien kear yn de twa jier útrikt. De iene kear foar proaza en de oare kear foar poëzij.

Frysk histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar hat de kar foar de sjuery foarlein oan Deputearre Steaten fan Fryslân. Dy binne akkoart mei de beneaming. Yn 2013 gie de Gysbert Japicxpriis nei Jacobus Q. Smink foar syn bondel Sondelfal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)