Gearwurking Bornego en OSG

09 sep 2014 - 15:56

It Bornego College en OSG Sevenwolden op It Hearrenfean sille foar in grut part gearwurkje. De vmbo-opliedings sille fan 2016 ôf falle ûnder ien direksje. De fiergeande gearwurking jildt foar de sektoaren technyk, ekonomy en soarch.

Beide skoalmienskippen fine de ynfiering fan nije ûnderwiisprogramma's in moai tiidstip om tegearre fierder te gean. Doel is om in sa breed mooglik oanbod fan beropsûnderwiis yn de regio te ûntwikkeljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)