Lawei set bouwer bûten de doar

Teater De Lawei hat de oerienkomst mei boubedriuw Van Norel direkt ferbrutsen. De oannimmer is dwaande mei de ferbou fan de skouboarch. Reden foar de ûntbining is dat der meardere kearen konstateard is dat de oannimmer net wurket neffens it bestek en boppedat de opleveringsterminen net hellet. Ien en oar hat gefolgen foar de feilichheid en de kwaliteit fan it gebou. It bedriuw is oansprutsen op de gebreken, mar dat gjin ferbettering jûn.
Gefolch fan de ûntbining fan it kontrakt is dat it boubedriuw fuortendaliks ophâlde moat mei it wurk.
Der sil sa gau mooglik in oare oannimmer socht wurde. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders stipet it beslút fan De Lawei. It beslút hat wol grutte konsekwinsjes. Oant 1 jannewaris stiene mear as 100 foarstellings boekt, dêr't al mear as 17.000 kaartsjes foar ferkocht binne.