Friezen melde mear ynbraken

Friezen belje Meld Misdaad Anoniem foaral om ynbraken en himpkwekerijen te melden. Dat litte de healjier-sifers sjen, dy't tiisdeitemoarn bekend makke binne. It tal meldings oer himp gie fan 62 nei 85. Oer ynbraken waard ek faker belle mei de ûnôfhinklike meldtsjinst. It tal meldings gie fan 7 nei 15. Tips wurde anonym trochstjoerd nei plysje, enerzjybedriuwen en opspoaringsynstânsjes.
Lanlik falt it tal tips oer fraude mei betelpassen op, dat is mear as ferdûbele nei 139 meldings.