Apple-fans yn spanning

Apple-fans kinne net wachtsje, mar jûn is it dan safier: Apple sil om 19.00 oere in presintaasje hâlde wêryn de nije iPhone tentoansteld wurdt. Offisjeel is noch net bekend wat der presintearre wurdt, mar de berjochten op ynternet wize op de iPhone 6. De ferwachting is dat de iPhone 6 oer in pear moannen yn de Nederlânske winkels leit. De tillefoan sil sa'n 800 euro kostje.
Neist de iPhone wurdt nei alle gedachten ek de iWatch presintearre. Dat is in modern horloazje en in ferlingstik fan de mobile tillefoan.
Yn it Apple iCentre yn Ljouwert sjogge de meiwurkers fansels ek út nei de nije produkten. Mei syn allen sjogge se jûn yn de winkel nei de presintaasje. Neffens Stephan Leistra, meiwurker yn it Apple iCentre, komme der al moannen minsken yn de winkel om te freegjen wannear't de nije iPhone ferkocht wurdt.