Ofspraken MBO-kolleezjes

It Friesland College en it Alfa College út Grins sille mei elkoar gearwurkje. Woansdei tekenje beide mbo-skoallen yn Grou in konvenant. Dêryn wurdt bygelyks ôfpraten om kennis te dielen. Ek wurde de spesjalisaasjefakken foar de sportopliedings better op elkoar ôfstimd.
Studinten dy't har spesjalisearje wolle yn bygelyks wettersport of reedriden moatte nei It Hearrenfean of Ljouwert. Foar sporten as judo en wintersport geane studinten tenei nei Grins. De gearwurking hat as doel om sport yn it noarden te stimulearjen.