Thialf wol TranSportium helpe

09 sep 2014 - 10:59

Thialf wol it TranSportium yn Zoetermeer bêst helpe om in goede iisbaan oan te lizzen yn Súd-Hollân, mar It Hearrenfean is en bliuwt it topsportsintrum fan de reedrydsport. Dat seit direkteur Eelco Derks fan Thialf. Reedrydbûn KNSB makke moandei bekend dat it bûn net mear fan doel is om in nije topsportbaan oan te wizen. No't de plannen foar Icedôme yn Almere mislearre binne, hopet de KNSB dat Thialf en de nij oan te lizzen baan TranSportium yn Zoetermeer gearwurkje sille. Thialf en TranSportium Zoetermeer hawwe in goed kontakt.

In goede nije baan yn Súd-Hollân is yn it belang fan de reedrydsport, fynt ek Thialf. Mar prate oer it ferdielen fan topwedstriden is net oan de oarder salang't de baan yn Zoetermeer allinnich noch mar op papier bestiet, seit Thialf-direkteur Derks. De plannen foar it nije Thialf binne hiel konkreet. De direksje hopet meikoarten it kontrakt mei de oannimmer foar de nije baan te tekenjen. Dy nije baan moat yn 2016 klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)