Grut tal ynbraken oplost

Fiif mannen út Fryslân en Drinte wurde fertocht fan stellerij en in grut tal ynbraken. It giet om stellerij by bedriuwen en by partikulieren fan it hiem. Tusken 2012 en 2014 soene se ek ynbrutsen ha by wenten en bedriuwen yn Noard-Nederlân.
De plysje kaam de saak yn april op it spoar doe't by in ynbraak yn Froubuerstermole in 49-jierrige ynwenner fan Donkerbroek en in 53-jierrige man út it Exloo op 'e die betrape waarden. Dêrby waard ark en apparatuer, lykas in lasapparaat en in kompressor, yn in buske laden.
Yn de auto waard ek in pistoal fûn. Yn de rin fan it ûndersyk waarden noch trije manlju út Ljouwert oanhâlden fan 50, 48 en 47 jier.
De fiif mannen wurde ûnder oare fertocht fan it stellen en heling fan trekkers, auto's, heftrucks, sitmeaners, boumaterialen en ark. By wenningynbraken waarden ek sieraden meinaam.
De plysje hat yn it ûndersyk ferskate huzen en loadsen trochsocht yn ûnder oare Donkerbroek, Drachten, Appelskea en Koatstertille. Dêrby waarden ferskate soarten ark en oar stellen guod weromfûn en yn beslach naam. Yn ien gefal waard in stellen sitmeaner op in ynternet sjoen troch de eigener. Neffens de plysje meitsje kriminelen hieltyd faker gebrûk fan malafide feilingbedriuwen om sa stellen guod troch te ferkeapjen.
De fertochten yn dizze saak ferkochten geregeld stellen guod by ynbringwinkels en kringloopbedriuwen. Twa fan de fertochten sitte noch fêst. Alle fiif moatte ynkoarten foar de rjochter ferskine. De plysje slút net út dat de fertochten belutsen binne by noch mear saken.
It grutste part fan it stellen guod is yntusken werom by de eigeners. De plysje siket noch nei de eigeners fan in pear saken. Foto's fan dat ark stiet op de webside fan de plysje.