Hetty Sinnema super-bistefreon

08 sep 2014 - 21:49
  • Hetty Sinnema (hjir op argyffoto)

Behearder Hetty Sinnema fan de Fûgelhelling yn Oerterp is nominearre foar de titel 'Bistefreon fan it Jier'. De ferkiezing wurdt hâlden troch De Telegraaf en elkenien kin stimme op syn of har favorite kandidaat. De winner fan de ferkiezing krijt in wykein fuort oanbean. Sinnema is lykwols benammen wiis mei de ekstra oandacht dy't it bringt foar de Fûgelhelling sels.

Wa't Sinnema nominearre hat, is foar har sels in grut riedsel. Neffens har hat it yn alle gefallen net ien fan de frijwilligers fan de Fûgelhelling west.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)