Strjitnambuordsjes fan Amelân

Nes op It Amelân © Omrop Fryslân
Leafhawwers fan âlde strjitnambuordsjes fan It Amelân kinne har slach slaan by Gerbrand Caspers. De âld-toskedokter fan it eilân hat 38 fan dy buordsjes op 'e kop tikke. It giet om orizjinele emalje strjitnambuorden. It giet om in unike samling, mar Caspers wol it guod wol kwyt. Hy hat al in hiel soad reaksjes hân, dus belangstellenden moatte fluch út de ried wêze. De hiele partij buordsjes moat 600 euro kostje, foar ien buordsje moat 25 euro betelle wurde.
Update: alle buordsjes binne yn ien kear ferkocht oan in eilanner. Dy sil de strjitnambuordsjes ferkeapje op de bradery.