Skoalfúzje yn Súdeast-Fryslân

© Omrop Fryslân
De organisaasjes foar iepenbier ûnderwiis yn de gemeenten Hearrenfean en De Fryske Marren ûndersykje oft it mooglik is om kwa bestjoeren te fusearjen. It giet mei-elkoar om 33 skoallen, dêr't sa'n 4000 bern op sitte. Reden foar de fúzje is dat beide organisaasjes de gefolgen fan de krimp opfange wolle. Bestjoerlike skaalfergrutting kin foarkomme dat de kwaliteit fan it ûnderwiis minder wurdt. Beide organisaasjes wurkje al gear op in oantal punten. De planning is dat de fúzje op 1 augustus 2015 yngiet.