'Langer siedzje troch mûzen'

08 sep 2014 - 16:26

Boeren dy't in soad lêst hawwe fan de mûzepleach yn Súdwest-Fryslân moatte fan de oerheid de romte krije om ek nei 15 septimber gers te siedzjen. Dat seit deputearre Johannes Kramer nei oanlieding fan berjochten by Omrop Fryslân oer de mûzepleach yn Wâldsein en omkriten.

Tûzenen mûzen hawwe dêr hiele stikken lân keal fretten, wêrtroch de boeren twongen binne om nij gers te siedzjen. Neffens de besteande regels mei dat oant 15 septimber en dêrnei net mear.

De LTO freget de oerheid dêrom om dizze regel soepel te hantearjen, sadat greidboeren ek letter gers siedzje kinne. Kramer stipet dit fersyk. Kramer seit fierder dat hy gjin oanlieding sjocht om de boeren te kompensearjen foar de skea troch de mûzen. Neffens de deputearre giet it om bedriuwsrisiko.

Trefwurden: 
mûzepleach mûzen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)