Oanlis dyk Balk set útein

De kaart fan Balk © Google Maps
Deputearre Sietske Poepjes jout woansdei tegearre mei wethâlder Frans Veltman fan de gemeente De Fryske Marren it startsein foar de oanlis fan de Ferbiningswei yn Balk. Dizze nije dyk slút aanst oan op de provinsjale dyk fan Balk nei De Lemmer en moat soargje foar in bettere ûntsluting. De provinsje en De Fryske Marren lizze elk in part fan de dyk oan.
De provinsje set woansdei útein, wêrnei't de gemeente it stokje ein oktober oernimt. De dyk moat yn 'e maitiid fan 2015 klear wêze.