Mûne Boerum gjin monumint

De weropboude mûne Windlust yn Boerum nei de brân © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Minister Bussemaker bliuwt by har beslút dat de mûne fan Boerum net wer in ryksmonumint wurdt. Yn in oerlis mei de Twadde Keamer sei se moandei dat mûne Windlust nei de brân en de werbou feitlik in replika is.
In keamermearderheid woe dat de mûne de status fan ryksmonumint wer krije soe, mei de dêrby hearrende subsydzje. Minister Bussemaker is it dêr net mei iens, om't de mûne net mear autentyk is. Se fynt wol dat de gemeente Kollumerlân de nije mûne in beskerme status jaan moat.
De Twadde Keamer praat nije wike tiisdei fierder oer de monumintestatus fan de mûne fan Boerum. Der leit no in moasje dy't de minister freget op har beslút werom te kommen en de mûne de monumintestatus hâlde te litten.